header-zonnepanelen.jpg

Lofdicht op'e frouljuswinterkompetysje 2014/2015 troch ien fan'e spylsters, Tineke Hoogland.

Lêste dei sealtennis foar froulju 26 – 2 – 15

( Troch Tineke Hoogland)

Yn augustus komme de briefkes fan Anne al wer troch de brievebus.
Elts jier soarget hij foar dizze mûnsterklus.

Binne alle briefkes ynlevere, dan makket hij de yndieling klear.
Net maklik, mar it slagget him dochs wer eltse kear.

’t Liket mij echt in poepetoer om dit foarelkoar te krijen,
Sûnder al te folle lijen,

Want elts moat it wol nei’t sin ha.
En mei froulju fâlt dat soms net altyd ta.

Mar it wie wer goed foarelkoar ek dit jier.
It gong allegear mei wille en sûnder getsier.

Yn’t begjin fan oktober, de kompetysje wie krekt begûn.
Stoar Anneke, frou fan Anne, plotseling, se wie al jierren net sa sûn.

Mar dit wie wol in hiele ûnferwachte klap.
It gong o sa rimpen en rap.

Elts wie der stil fan en libbe mei.
Anne moast no allinne fierder troch it libben tenei.

Mar nettsjinsteande alles komt Anne eltse wike del om de útslaggen op te skriuwen.
Ja hij mist noait, net te leauwen.

Soms drinkt hij in bakje kofje of thee mei.
Want dat nimme we no om’e beurt sels mei.

De kantine is sluten, spitich, mar sa kin it ek.
Oan gesellichheid en in praatsje gjin gebrek.

Fêste supporters ha we dit jier ek faak.
Anne Hof, Sietze en Jan, dat is in goeie en fijne saak.

Ek dit seizoen yn’e seal is wer foarbij flein.
En we binne dus hjir hjoed fan oan’e ein.

Mei in bakje kofje en wat lekkers derbij, bakt troch Janna
Is it foar eltsenien Hosanna.

Mar it meast dit jier foar Annie Visser.
Want se hie dit jier hast gjin misser.

Foarige wike moasten se in tie-break spylje, Jan wie der krekt op tiid.
En makke de 4 froulju mei oanwizingen en tellen bliid.

Annie is dit jier kampioen, fan herte lokwinske!
No giet se fêst nei hûs as in lokkich minske.

En hoe as it takommend jier wer komt, wa sil’t sizze?
Dêr sil wol gjinien wekker fan lizze.

Want hoe as it komt, dat sjogge we fansels.
As der mar wille en sportiviteit is foar elts.

Mei Anne oan it roer, as regisseur fan de kompetysje yn’e winter.
Komt it fêst wol wer klear, wat blinder!

We dogge de doar fan’e seal wer even efter ús ticht.
Want de maitiid en simmer komme wer yn sicht.

 

Tineke Hoogland lêst har lofdicht foar.

150228 Lofdicht van Tineke Hoogland op Wintercompetitie 2015

 

Agenda

09 juni 2024    10:00 - 18:00
Friesland Cup - eerste ronde - Balk-Akkrum
30 juni 2024    10:00 - 18:00
Friesland Cup - tweede ronde
08 sept 2024    10:00 - 18:00
Friesland Cup - finalerondes

240327 Logo brouns notariskantoor
 LogoKromme Knilles 1000